N.N.B. is yn 2007 ûntstean. De trije bandleden Wilco Kingma, Gosse-Pieter de Vries en Brend Kingma spylje yn Oktober dat jier as gelegenheidsband op it benefietkonsert Oxxpop yn Dronryp. Nei dizze jûn besletten se om as band fjirder te gean, se studearje in punk/rock set yn om as coverband spielje te kinne. Er waard ek fluch eigen wurk oan it repertoire tafoege. It eigen wurk blykt oan te slaan by it publyk en de band gjit mei it eigen wurk fjirder. Yn Oktober 2008 brocht N.N.B. in maxi-jingle yn eigen behear út mei dêr op 3 eigen nûmers.
Yn 2009 tekenje se in platencontract mei Marista Records út Dronryp. Marista hie interesse omdat fryslân wol ta is oan in band as N.N.B, die sjoen wurd as de nije Fryske Rock & Beukband mei ynfloeden fan DropKick Murphys, Bombarje, en oare ferskate Rock bands. It album wurd opnommen yn studio Jansen te Dronryp. Op dizze sammel skiif stean 14 Rock & Beuk nûmers en is 6 maart released, kist it skyfke fia www.marista.nl bestelle.
Begjin april 2010 begjinne de heren mei it opnimmen fan de sountrack fan de film : "De Del Fan '63". In nije Fryske pornografische film nei in idee fan Erik Zijlstra. Ek wurd dit op jingle ûtbrocht. Ein maaie 2010 kin dizze skyf ek fia www.marista.nl besteld wurre.
Dat de monn'n net stil sitte yn 2010 is wol dúdlik. Neist de optredens dyt se dogge yn kroegen en festivals binne se ek al dwaande mei de produksje en it tarieden fan it folgend sammel skiifke. Wannear dizze skiif klear is en ûtkomt is Noch Net Bekind, en de titel??? Sjoch mar es goed op De Del Fan '63!!